Cambuur fierder yn play-offs

05 maaie 2012 - 21:29

SC Cambuur hat him nettsjinsteande in 1-0 ferlies tsjin MVV pleatst foar de twadde ronde fan de play-offs. Yn Maastricht hie Cambuur mei 2-0 wûn en dus makke it lytse ferlies yn eigen hûs neat út.

Cambuur makke it himsels lestich troch it missen fan in protte kânsen. Sa skeat Erik Bakker yn de earste helte op de latte en miste hy ek each yn each mei MVV-keeper Bulters. Yn de twadde helte kaam MVV fia Michael La Rosa út it neat op foarsprong. Cambuur wie der efkes ôf, mar knokte himsels in ronde fierder. VVV Venlo is de kommende tsjinstanner.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)