Cambuur fielt gjin ekstra druk

18 nov 2012 - 12:48
  • SC Cambuur

Cambuur fielt foar de thúswedstriid tsjin De Graafschap moandei neffens trainer Alfons Arts gjin ekstra druk. Nei in mindere perioade, wêryn't de Ljouwerters út de lêste wedstriden mar ien punt wisten te heljen, hâldt Cambuur betrouwen yn eigen kinnen.

Foar de wedstriid tjin De Graafschap is de seleksje hast folslein. Marco van der Heide like nei syn harsenskodding op it paad werom, mar hy krige in weromslach en kin net spylje. Wout Droste is skorst nei syn reade kaart tsjin AGOVV Apeldoorn. Johny de Vries spilet dêrom as rjochtsback.

Fierder feroaret der yn it basisalvetal neat. De opstelling fan Cambuur: Telgenkamp; De Vries, Bakens, Öztürk, Van der Laan; Diemers, Rose, El Makrini; De Leeuw, Hemmen, Schokker.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)