Cambuur ferspilet 3 punten

03 feb 2013 - 16:29
  • SC Cambuur

Cambuur hat snein djoere punten ferspile tsjin Sparta. Op it Kasteel waard it 1-0 foar de Rotterdammers. De hiele wedstriid wienen de Ljouwerters de boppelizzende partij, mei de bêste kânsen. Sa miste Erik Bakker each yn each mei de Sparta-doelman en ek Adnane Tighadouini seach syn skot keard wurden.

Ek yn de twadde helte hie Cambuur fierwei it bettere fan it spul, mar de beslissende Ljouwerter treffer bleau út. Yn ekstra tiid wie it lykwols Gijs Luirink dy't folslein tsjin de ferhâldings yn de thúsploech de oerwinning brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)