Cambuur ferliest yn Zwolle

02 des 2011 - 23:44
  • SC Cambuur

Cambuur hat de útwedstriid tsjin koprinner FC Zwolle freedtejûn mei 3-0 ferlern. Beide ploegen wienen yn de earste helte oaninoar weage. Yn de 44e minút kaam Zwolle op foarsprong troch in eigen goal fan Martijn van der Laan. Yn de twadde helte kaam Zwolle fia Narsingh op 2-0 en doe wie de wedstriid eins spile.

Yn de blessueretiid sette Mamedov de 3-0 einstân op it boerd. Oguhzan Türk krige twa kear giel en dus in reade kaart. Cambuur stiet no fjirde mei 26 punten út 15 wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)