Cambuur ferliest yn Oss

03 feb 2005 - 00:00

Cambuur hat tongersdeitejûn mei 2-0 ferlern fan Top/Oss. De Ljouwerters krigen yn de earste helte in goeie kâns om mei in strafskop op foarsprong te kommen. René van Rijswijk miste lykwols fanôf alve meter. Dêrnei besoargen Wijnands en Van den Berg de thúsploech de oerwinning.

Cambuur sakket troch dit ferlies nei it 14de plak yn de Gouden Gids Divisie. It wie de twadde wedstriid fan waarnimmend trener Jan Schulting.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)