Cambuur ferliest yn Haarlem

24 feb 2007 - 09:05

Cambuur hat freedtejûn de útwedstriid yn en tsjin Haarlem mei 3-1 ferlern. It wie foar de Ljouwerters de earste wedstriid sûnder trainer Roy Wesseling. Dy waard earder oan 'e kant setten.

Mei de ynterim-trainers Gerrie Schouwenaar en Wim de Ron op de bank koe Cambuur de goeie bedoelings op it fjild net sjen litte. Chris de Wagt wie de makker fan it Cambuur doelpunt. Cambuur stiet op it sechtjinde plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)