Cambuur ferliest yn Emmen

11 des 2004 - 00:00

Cambuur ferlear freed mei 1-0 fan Emmen. Yn Emmen wie Cambuur de earste helte de bettere ploech. De Ljouwerters krigen seker fjouwer goeie kânsen tsjin de nûmer lêst fan de earste divyzje. Mar it ûntbrekt Cambuur op dit stuit oan in skoarende spits. Yn de 30ste minút wist Leferink fan Emmen gepruts yn de Cambuur-definsje ôf te straffen.

De twadde helte begûn Emmen wat better te fuotbaljen en wie Cambuur minder dominant.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)