Cambuur ferliest yn Dordrecht

16 sep 2011 - 21:55

SC Cambuur krige freedtejûn yn en tsjin Dordrecht yn de ekstra tiid it lid op 'e noas. Troch in strafskop yn dy blessueretiid - Tano gong oer de knibbel by Vosselman - skeat Cecilio Lopes Dordrecht nei de 2-1 winst.

Cambuur kaam nei in kertier op foarsprong troch Martijn Barto nei gegriem yn de ferdediging fan de thúsploech. Omdat Cambuur gjin dien wurk makke, sette de thúsploech yn de twadde helte oan. Tom Beugelsdijk makke yn de 84e minút de lykmakker.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)