Cambuur ferliest yn Den Bosch

19 okt 2012 - 21:51
  • SC Cambuur

SC Cambuur is yn de útwedstriid tsjin FC Den Bosch tsjin in gefoelich 2-1 ferlies oprûn. Yn in earmoedige earste helte krigen beide ploegen ien kâns, mar it bleau 0-0. Yn de twadde helte wie der mear fjoerwurk. Benjamin van den Broek sette de thúsploech yn de 47e minút op foarsprong, Michiel Hemmen tekene fjouwer minuten letter foar de lykmakker. In kertier foar de ein krige Cambuurferdigener Tim Bakens de reade kaart en soarge in prachtige poeier fan Randy Wolters foar de winnende 2-1 foar FC Den Bosch.

Koprinner MVV wûn yn Maastricht mei 2-1 fan nûmer lêst Almere City FC. MVV hat no 23 punten út 9 wedstriden. Helmond Sport spile thús mei 2-2 lyk tsjin Go Ahead Eagles en is twadde mei 18 út 9. Cambuur is tredde mei 17 út 9, Fortuna Sittard hat itselde puntetal, mar krekt in minder doelsaldo. Takom wike freed komt koprinner MVV op besite yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)