Cambuur ferliest ûnterjochte

10 mrt 2008 - 22:47
  • Cambuur hat moandeitejûn ûnterjochte mei 1-0 ferlern.

Sportklub Cambuur hat moandeitejûn ûnterjochte mei 1-0 ferlern fan Emmen. De Ljouwerters krigen in hânfol kânsen, rekken trije kear de latte, mar de bal woe der net yn. Emmen skoarde wol ien kear, en krige dêr ek noch de help fan Cambuur by. Rudy Jansen glide de bal in kertier foar tiid yn de eigen goal.

Cambuur bliuwt op it 17e plak stean yn de Jupiler League. Freed spylje se tsjin Volendam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)