Cambuur ferliest oefenduel

22 jul 2007 - 12:44

Cambuur Ljouwert hat sneon op it oefenduel tsjin Veendam mei 3-1 ferlern. De wedstriid waard spile op it Dútske Waadeilân Borkum. Foar it skoft kaam Cambuur noch wol op in 0-1 foarsprong troch in doelpunt fan Sandor van der Heide.

Yn de twadde helte wie Veendam folle better. Troch twa goals fan Afonso en in doelpunt fan Patrick Lip waard de einstân 3-1 foar Veendam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)