Cambuur ferliest nei it skoft

06 feb 2009 - 22:51
  • Sandor van der Heide

SC Cambuur hat freedtejûn yn en tsjin Emmen in flinke stek falle litten. Yn de earste helte wiene de Ljouwerters oppermachtich. Troch doelpunten fan Jeffrey de Visscher en Sandor van der Heide stie Cambuur mei 2-0 foar.

Yn de twadde helte in folslein oare wedstriid. Emmen fuotballe folle better, Cambuur folle minder. A-junior Rick ten Voorde makke de 1-2. Yn de 89ste minút skoarde Kiran Bechan fan hiel fier de 2-2. Ten Voorde waard yn de ekstra tiid de held fan Emmen: 3-2.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)