Cambuur ferliest mei 10 man fan Feyenoord

08 feb 2015 - 14:28
  • Mikhail Rosheuvel oan de bal
  • Sven van Beek omspilet Bartholomew Ogbeche
  • In skot fan Vytas
  • Doelpuntemakker Kazim-Richards fan Feyenoord

Cambuur ferlear snein mei 2-1 fan Feyenoord. Yn De Kuip krige Feyenoord de bêste kânsen op de iepeningstreffer, mar Cambuur-keeper Nienhuis hold lang de nul. Op slach fan rêst sette El Ahmadi dochs de 1-0 op it boerd.

Nei rêst wie it op 'e nij raak foar Feyenoord troch in treffer fan Kazim-Richards. Yn de 57e minút moast Cambuur boppedat fierder mei 10 man nei read foar Ogbeche. Ynfaller Barto brocht de spanning lykwols werom yn de wedstriid mei de oanslutingstreffer. Mar de Ljouwerters slaggen der net yn de lykmakker te meitsjen.

Troch de direkte reade kaart is Ogbeche nije wike skorst foar de wedstriid tsjin sc Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)