Cambuur ferliest fan RBC

19 jan 2008 - 01:53
  • Keeper Peter van der Vlag

Sportclub Cambuur is der wer net yn slagge om foar in twadde kear op rige ta winst te kommen. Ferline wike waard Omniworld mei 1-0 ferslein, mar freed waard mei deselde sifers ferlern fan RBC Roosendaal. De iennige goal fan de wedstriid foel binnen 30 sekonden nei it skoft. Benjamin Martha helle fan ôfstân skitterend út en skoarde.

Troch it ferlies stiet Cambuur no op in dield lêste plak mei Eindhoven en Fortuna Sittard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)