Cambuur ferliest fan Omniworld

15 sep 2008 - 22:10

SC_Cambuur hat moandeitejûn foar de tredde kear op rige ferlern. No wie FC_Omniworld mei 1-0 te sterk. It ûntslaan fan Jurrie_Koolhof as trainer hat dus noch gjin fertuten dien.

Yn ´e earste helte krige Cambuur troch Sandor van der Heide in grutte kâns mar hy rekke de peal. Omniworld wie lykwols de bettere ploech en troch Sander_Duits kamen se yn de twadde helte op foarsprong. Cambuur koe dêr neat tsjinoer stelle en koe de achterstân net mear ombûge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)