Cambuur ferliest fan HHC

08 jan 2011 - 16:49

SC Cambuur hat de oefenwedstriid tsjin topklasser HHC mei 3-2 ferlern. Yn Hardenberg stie it by it skoft 2-0 foar de thúsploech. Cambuur spile sûnder fjoer en oerstjûging. Nei de tee spilen de Ljouwerters folle better. It waard 2-2, mar HHC pakte de winst troch in ûngelokkige aksje fan ferdediger Kapralik.

Assistint-trener Henk de Jong wie net sa rouwich om it ferlies: "Witte we teminsten dat der noch genôch wurk is foardat freed de kompetysje begjint."

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)