Cambuur ferliest fan Fortuna S

10 feb 2007 - 01:32

Cambuur hat freedtejûn de útwedstriid tsjin Fortuna_Sittard mei 2-1 ferlern. It begjin wie spektakulêr foar de Ljouwerters. Al nei 34 sekonden kaam Cambuur op foarsprong troch Barry_Hoogeveen.

In kertier letter wie it al wer lyk en yn 'e 63 minút besliste Fortuna de wedstriid: 2-1. Beide goals fan Fortuna waarden makke troch Cornelia. Troch it ferlies komt Cambuur op achterstân yn 'e fyfde perioade.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)