Cambuur ferliest fan Feyenoord

27 apr 2014 - 16:47
  • Cambuur-Twente

SC Cambuur hat snein yn De Kuip mei 5-1 fan Feyenoord ferlern. Yn 'e earste helte wienen de ploegen goed oaninoar weage. It earste doelpunt fan Feyenoord foel yn de 23e minút en waard makke troch Ruud Vormer. Martijn Barto makke yn de 43e minút de Cambuur lykmakker. Nei de rêst skoarde Tonny Vilhena yn de 49e minút de 2-1 foar Feyenoord. Graziano Pellè soarge yn de 73e minút foar de 3-1. Opnij Vilhena en Jean-Paul Boëtius tekenen foar de einstân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)