Cambuur ferliest fan FC Zwolle

25 mrt 2007 - 16:28

Cambuur hat snein mei 2-0 ferlern fan FC Zwolle. De Ljouwerters einigen de wedstriid mei njoggen man. Yn de twadde helte krigen debutant Brandon Bonifatio en Ferdinand Katipana beide in reade kaart.

Tjeerd Korf iepene nei fiif minuten de skoare foar Zwolle en nei in heal oere makke Silvino Soares der 2-0 fan. De twadde helte waard ûntsierd troch in protte ynsidinten en dus twa reade kaarten foar de Ljouwerters.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)