Cambuur ferliest fan Excelsior

25 okt 2003 - 00:00

Excelsior wie freed te sterk foar Cambuur. Yn Ljouwert waard it 0-2 foar de Rotterdammers en dat wie fertsjinne. Cambuur koe op ien kopkâns fan Harvey Bischop nei gjin inkele kâns ôftwinge.

Nei 37 minuten wie it al 0-2 foar Excelsior troch doelpunten fan Schuiteman yn eigen goal en El Hamdaoui. Cambuur koe dêr neat tsjinoerstelle en Excelsior fûn it doe wol bêst. Foar de 3575 taskôgers foel der net folle mear te genietsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)