Cambuur ferliest fan Excelsior

30 maaie 2001 - 00:00

Cambuur hat de earste wedstriid yn de neikompetysje ferlern. Yn Rotterdam wie Excelsior de Ljouwerters tiisdei mei 3-2 de baas. De útslach wie terjochte omdat de Rotterdammers it grutste part fan de wedstriid de bettere ploech wie.

Benammen achteryn hie Cambuur de saken net op oarder. Excelsior stie yn in goed kertier al mei 2-0 foar. De Ljouwerter doelpunten kamen beide fan Micha Rook.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)