Cambuur ferliest fan Eindhoven

27 mrt 2004 - 00:00

In strieminne thúswedstriid fan Cambuur tsjin Eindhoven is freedtejûn einige yn 0-1. Yn de 42e minút hie Cambuur-spiler Dominique van Dijk in strafskop fertsjinne, mar hy krige him lykwols net fan de skiedsrjochter.

Van Dijk is no sa frustrearre dat er nei Zeist wol om mei de skiedsrjochterkommisje te praten. Hy fynt dat alle spilers lyk as hysels, dy't besykje it publyk mei fuotbal te fermeitsjen, beskerme wurde moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)