Cambuur ferliest fan Dordrecht

28 okt 2006 - 00:56

Cambuur ferlear freedtejûn mei 2-1 fan FC Dordrecht. Dordrecht stie nei 26 minuten al op in 2-0 foarsprong troch goals fan Lopes en Kras. Yn de 38ste minút krige Cambuur in penalty en Dordrecht-spiler Breinburg in reade kaart. Jeroen Ketting miste net fan alve meter.

Yn de twadde helte slaggen de Ljouwerters der lykwols net yn lyk te kommen. Keeper Ale Geert de Vries kearde noch in penalty fan Lopes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)