Cambuur ferliest fan Den Bosch

08 maaie 2004 - 00:00

Cambuur spile freedtejûn de lêste thúswedstriid fan it seizoen. De tsjinstanner wie Den Bosch, de nûmer twa fan 'e earste divyzje. De Ljouwerters ferlearen mei 2-1 fan 'e Brabanners. Dêrtoch bliuwt de ploech fan âld-Cambuurtrainer Gert Kruys yn 'e race om it kampioenskip.

Nije wike spilet Cambuur út tsjin Haarlim. De lêste spyldei bepaalt wa't kampioen wurdt. Excelsior hat twa punten foarsprong op Den Bosch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)