Cambuur ferliest fan ADO

27 aug 2007 - 23:03

Cambuur hat moandeitejûn de útwedstryd tsjin ADO Den Haag mei 1-0 ferlern. Yn de slotfase yn de 88e minút soarge ynfaller Lex Immer foar it winnende doelpunt foar Den Haag.

Lange tiid seach it dernei út dat Cambuur in punt meinimme soe nei Ljouwert, mar it gie dochs noch mis. Yn 'e earste helte hie Den Haag folle mear kânsen as Cambuur, mar yn de twadde helte gie it mear gelyk op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)