Cambuur ferjit te winnen

19 mrt 2005 - 00:00

Cambuur hat freedtejûn út tsjin Veendam mei 1-1 lyk spile. De Ljouwerters wiene de hiele wedstryd de bettere en krigen de beste kânsen. Mar de ploech fan Jan Schulting wist it oerwicht net yn winst om te setten.

Veendam kaam al nei seis minuten foar troch in doelpunt fan Marnix Kolder. Pas yn de 69e minuut kaam Cambuur werom fia ynfaller Jan Bruin. Cambuur bliuwt yn de kompetysje op it sechsde plak stean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)