Cambuur - FC Zwolle: 0-0

11 sep 2004 - 00:00

Cambuur wie freed tsjin FC Zwolle, de nûmer twa yn de earste divyzje, 90 minuten lang de bettere ploech, mar der waard net skoard. En dus bleau it yn it Cambuurstadion 0-0. Nei fiif wedstriden hat Cambuur noch mar fiif punten by inoar garre.

De earste kâns wie foar Zwolle. Almeida kopte út in corner de bal op de fûsten fan keeper Van der Vlag. Jan Bruin fan Cambuur krige ek in pear moaie kânsen, mar wist dêrút net te skoaren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)