Cambuur en Roda wer gelyk

31 maaie 2009 - 18:11
  • Grutte spanning op de Cambuurtribune yn Ljouwert

Yn 'e 80ste menút fan 'e play-offwedstriid Roda JC - Cambuur skoarde Mark de Vries de lykmakker foar de Ljouwerters. De Vries waard yn de twadde helte troch trener Stanley Menzo yn it fjild brocht. Op it momint dat De Vries skoarde hie Roda JC it bêste fan it spul, mar de Limburgers misten ferskate goeie mooglikheden.

Flak foar de ein miste De Visscher in grutte kâns foar Cambuur. Der komt no woansdei in tredde en definityf beslissende wedstriid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)