Cambuur en MVV diele de punten

17 apr 2004 - 00:00

De wedstriid MVV-Cambuur yn de earste divyzje einige freed yn 1-1. De beide klups diene har 17e en 18e posysje op de ranglist eare oan. Der waard net goed fuotballe en de spilers lykje út te sjen nei de ein fan it seizoen. Der komme noch fjouwer wedstriden.

Sa no en dan liet Cambuur noch wol inkele aardige kombinaasjes sjen, mar der sieten ek hiele swakke fazes yn. MVV kaam al yn de twadde minút op 1-0. Krekt foar rêst makke Muhamadu gelyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)