Cambuur en Hearrenfean minút stil foar dea Johan Cruijff

30 mrt 2016 - 18:05

SC Hearrenfean en SC Cambuur stean takom wykein stil by it ferstjerren fan Johan Cruijff. Foarôfgeand oan de kompetysjewedstriden hâlde alle earedifyzjeklups in minút stilte. Ek drage spilers en skiedsrjochters roubannen. Cambuur spilet sneontejûn út tsjin De Graafschap, Hearrenfean spilet snein út tsjin Roda. Ek op ynternasjonaal nivo wienen der fan 'e wike in soad betinkings en earbetoanen.

Johan Cruijff ferstoar ferline wike tongersdei. It ôfrûne wykein waard boppedat by in soad amateurklups stilstien by syn ferstjerren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)