Cambuur en haadsponsor fierder

17 maaie 2011 - 16:30

Sportklup Cambuur en haadsponsor Bouwgroep Dijkstra Draisma ha it kontrakt mei in jier ferlingd. It boubedriuw út Boalsert en Dokkum wie it ôfrûne seizoen foar it earst haadsponsor fan de Ljouwerters.

Ek LEVO produktenmaatskippij giet troch mei de sponsoring. Dit Frjentsjerter bedriuw komt wer op de achterkant fan it shirt. Foar de posysje boppe it rêchnûmer en de broek siket Cambuur noch in sponsor.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)