Cambuur: De Leeuw fraachteken

29 nov 2012 - 12:39
  • De Leeuw yn aksje
  • SC Cambuur

It is noch ûnwis oft Melvin de Leeuw freed meidwaan kin mei Cambuur tsjin Telstar. De oanfaller hat lêst fan de foet en trainde tongersdei apart fan de seleksje. Mocht hy net fit genôch wêze dan is Adnane Tighadouini syn ferfanger.

Fierder feroaret trainer Alfons Arts neat oan de opstelling. Ek topskutter Michiel Hemmen en middenfjilder Erik Bakker, dy't moandei tsjin FC Oss útfoelen, steane yn de basis. Opstelling: Telgenkamp, Droste, Bakens, Öztürk, Van der Laan, El Makrini, Bakker, Diemers, Schokker, Hemmen, De Leeuw (Tighadouini).

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)