Cambuur - De Graafschap: 1-0

29 nov 2003 - 00:00

Cambuur Ljouwert hat freed de goede line fan ferline wike trochset troch mei 1-0 te winnen fan De Graafschap. Nei in wat mindere earste helte waard yn de twadde helte titelkandidaat De Graafschap oan de kant set.

Yn de 21e minút nei rêst rûne Dominique van Dijk in moaie Cambuur-oanfal ôf. De skoare hie noch heger útfalle kinnen, as de Ljouwerters wat skerper west hiene yn it ôfmeitsjen fan de counter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)