Cambuur-boeken ferneatige

19 apr 2010 - 12:21

De earste printinge fan it boek 'De slapende reus ontwaakt' is moandei ferneatige. In frachtwein fan it bedriuw Leo Reitsma Argyfferneatiging helle de 3000 boeken oer SC Cambuur op. It giet om twa ton âld papier.

Utjouwerij Penn stelde de presintaasje fan it boek út om't der in soad flaters yn steane. Neffens útjouwer Klaas Jansma is in ferkearde ferzje fan it boek by de drukker telâne kaam. Der wurdt no hurd wurke oan in ferbettere fersy fan it boek.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)