Cambuur betûft yn skoaren

15 jul 2000 - 00:00

Cambuur Leeuwarden skoarde mar leafst fjirtjin kear yn 'e útwedstriid tsjin Skearnegoutum freedtejûn. De sneonfjirdeklasser makke thús ien tsjingoal.

De nije Cambuurspits Jan Bruin naam yn it oefenduel de measte doelpunten foar syn rekken. Hy skoarde mei elkoar seis kear, wêrfan fjouwer kear achter elkoar. Sandor van der Heide wie goed foar trije doelpunten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)