Cambuur is beste learbedriuw

14 okt 2010 - 17:32

SC Cambuur is tongersdei útroppen ta bêste learbedriuw fan Nederlân. Cambuur wie ien fan de trije nominearren. Neffens de sjuery hat Cambuur it meast ynnovative opliedingsbelied. De ferkiezing is organisearre troch it kennissintrum Ecabo, dat aktyf is yn administrative, ict- en feilichheidsberoppen.

Neist de leardoelen is der ek in soad oandacht foar de persoanlike ûntwikkeling. De begeliding is ien-op-ien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)