Cambuur begûn oan nij seizoen

28 jun 2010 - 12:52
  • Stanley Menzo leit de seleksje út wat de bedoeling is

Sportklup Cambuur is moandeitemoarn begûn oan de tarieding op it nije seizoen. De earste training fan de seleksje waard troch tsientallen supporters besjoen.

Nije oanwinst Serhat Koç wie der ek al by. Dit wykein naam Cambuur kontakt op mei Grins oer de ferhier fan de oanfaller en noch deselde dei wie it rûn. Fierder wol trainer Stanley Menzo der noch twa linkerferdigeners en in sintrale ferdigener by hawwe. Dan is de seleksje neffens him rûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)