Cambuur begjint mei 7-0 winst

01 jul 2011 - 22:03

Sportklup Cambuur hat de earste oefenwedstriid fan de tarieding mei 7-0 wûn. Tradisjoneel wie DTD de tsjinstanner en de keeper fan dy ploech, Maikel Hottinga, hâlde yn de earste helte syn goal knap skjin. Cambuur spile boppedat ek net bêst.

Nei it skoft krigen de Ljouwerters, mei 10 ynfallers, de smaak te pakken. Marco v/d Heide makke 3 goals. Martijn Barto, Oguzhan Turk, gastspiler Bjorn de Hoop en in eigen goal fan DTD soargen foar de 7-0 einstân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)