Cambuur bedjert PSV-feest

31 aug 2013 - 23:40
  • SC Cambuur

Sportklup Cambuur hat foar in stunt soarge troch PSV yn Eindhoven op 0-0 te hâlden. De klup út Eindhoven fierde syn 100-jierrich jubileum, mar Cambuur wegere om oan it feest mei te wurkjen. Yn de earste helte krigen beide ploegen kânsen. Oan Cambuur kant wie Jody Lukoki it meast gefaarlik. Yn de twadde helte wie PSV ticht by in goal, mar Jorrit Hendrix (latte) en Ola Toivonen (skeat op de doelline oer) skoarden net. Cambuur waard gefaarlik fia ynfaller Kevin Brands mar ek hy krige de bal der net yn..

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)