Cambuur-aksje foar goed doel

09 jun 2011 - 12:15
  • Ronald Lepez (foto: www.awaskaki.com)

Cambuur hat tsjin in seleksje fan Blauw-Wit en de Ljouwerter Sweltsjes spile foar it goede doel. Ald-Cambuur en âld-Hearrenfean spiler Ronald Lepez wol de opbringst brûke om yn Yndonezië kânsearme minsken te helpen.

Der komt noch mear jild by, want de Wilde Ganzen sille it bedrach dat de wedstryd opbrocht hat ferdûbelje. Ronald Lepez ferhuzet mei syn frou en ien fan syn bern nei Semarang op Java dêr't hy haad fan in fuotbalskoalle wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)