Cambuur akkoart mei Jansen

17 jun 2008 - 14:29

Rudy_Jansen spilet de kommende trije jier foar SC Cambuur. De Ljouwerters binne tiisdei ta in akkoart kaam mei de ferdigener. Jansen stie ûnder kontrakt by Excelsior, mar waard dit jier al hierd fan dy club.

De oergong fan Kasali_Yinka_Casal nei it Hongaarske Ujpest_Doszo is noch net klear. Cambuur en de Hongaarske club binne it noch net iens oer details yn it kontrakt. As Casal fuortgiet, komt der noch in nije linksback. Oars is de seleksje foar takom seizoen klear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)