Cambuur-Ajax rap útferkocht

20 okt 2014 - 15:47

Yn minder as in dei tiid wienen moandei alle kaarten foar de wedstriid tusken SC Cambuur en lânskampioen Ajax útferkocht. De Ljouwerters nimme it snein 9 novimber om healwei ienen middeis yn eigen stadion op tsjin de Amsterdammers.

Cambuur kin him no earst lykwols opmeitsje foar de wedstriid tsjin Feyenoord. De Rotterdammers komme no snein nei Ljouwert. Ek dizze wedstriid begjint om healwei ienen en hjir binne ek gjin kaarten mear foar te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)