Cambuur-AGOVV giet troch

05 feb 2010 - 15:27

De wedstriid Cambuur-AGOVV giet wol troch. Dat hat de skiedsrjochter freedtemiddei bepaald. It fjild fan Cambuur moast ekstra keurd wurde omdat der iis yn it doelgebiet lei. It iis is no fuort. Meiwurkers fan de klup hawwe mei blêdblazers it doelgebiet skjinmakke. Neffens de skiedsrjochter leit it fjild der moai by en is it net hurd.

De wedstriid tsjin AGOVV begjin freedtejûn om 8 oere en is live te folgjen by Omrop Fryslân Radio.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)