Cambuur 3-0 ûnderút by Vitesse

01 des 2013 - 16:26
  • Dwight Lodeweges

Cambuur hat snein mei 3-0 ferlern fan koprinner Vitesse. Yn it Gelredome kaam Vitesse nei in goed heal oere op foarsprong troch in doelpunt fan Marko Vejinovic. In rêding fan Leonard Nienhuis op in skot fan Pröpper foarkaam fuort dêrnei de 2-0.

Nei rêst setten de Arnhemmers mear druk op de Ljouwerter ferdigening, wat resultearre yn de 2-0 fan Kelvin Leerdam. Jody Lukoki krige de bêste kâns foar Cambuur, mar syn skot gong foardel. Nadat Renato Ibarra fersomme de wedstriid yn it slot te smiten, tekene Giorgi Chanturia yn ekstra tiid foar 3-0.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)