Calvin Jong-A-Pin nei Vitesse

29 jul 2009 - 20:40

SC Hearrenfean ferhiert ferdigener Calvin Jong-A-Pin (23) foar ien seizoen oan Vitesse. Ek hat Vitesse in opsje ta keap betinge. Jong-A-Pin rjochtet him foarearst op it plak fan links back. Hy mei dit wykein al meidwaan. Mar omdat it sa koart dei is ferwachtet hy dat noch net.

Jong-A-Pin spile sûnt 2006 foar Hearrenfean. Syn kontrakt rint noch troch oant healwei 2011. By Vitesse treft hy syn âlde ploechmaten Jeroen Drost en Lasse Nilsson.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)