Calvin Jong-a-Pin nei Japan

18 aug 2011 - 09:49
  • Calvin Jong-a-Pin

Fuotballer Calvin Jong-a-Pin hat yn Japan in nije klup fûn. De eardere ferdigener fan SC Hearrenfean sil útkomme foar Shimizu S-Pulse yn de stêd Shizuoka. Jong-a-Pin koe transferfrij oer nei Japan, omdat syn kontrakt dizze simmer net ferlingd is by Hearrenfean.

Begjin july hat Jong-a-Pin noch op proef west by it Deenske Odense Bk, mar dy transfer gie doe net troch. Jong-a-Pin wie foarich seizoen noch basisspiler by Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)