Call-centre-oplieding suksesfol

04 des 2000 - 10:22

Telepartners, de oplieding foar callcentremeiwurkers, yn Ljouwert is in grut sukses. Bedriuwen steane yn de rige om de kursisten in baan oan te bieden. Sa jout de Postbank in soad heryntreders nei de kursus de kâns om te beljen.

Telepartners is twa jier lyn opset troch Arbeidsfoarsjenning, It Friesland Kolleezje en de Friese Poort. Goed 300 minsken binne sûnt it begjin oplaat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)