Call-center Nuon wurdt útwreide

19 jan 2005 - 23:37

It call-center fan enerzjybedriuw Nuon yn Ljouwert wurdt flink útwreide. It tal meiwurkers wurdt de kommende moannen hast ferdûbele ta 500. De ekstra minsken binne nedich om de administrative problemen op te lossen.

Dy binne ûntstien by alle enerzjybedriuwen no't minsken sels bepale kinne wêr't se klant wêze wolle. Foaral de ôfdieling 'ferhûzingen' krijt hiel wat foar de kiezen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)