Caleidoscoop Jobbegea hâldt op

13 aug 2010 - 12:11

Wolwêzenorganisaasje Caleidoscoop moat de hier fan twa romten yn Jobbegea mei yngong fan septimber opsizze. Fanwege besunigings troch de gemeente Hearrenfean kin de organisaasje de hier net mear betelje. De behearder, de assistint en de skjinmakster wurde ûntslein.

It beslút hâldt ek yn dat de aktiviteiten stopset wurde. Foaral âlderein en bern makken gebrûk fan de tsjinsten fan Caleidoscoop.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)