Cakes foar Ronald McDonaldhûs

03 feb 2003 - 00:00

Hûndert Fryske ambachtlike bakkers ferkeapje tenei in spesjale Fryske sûkelarjecake. In diel fan de opbringst fan de cake giet nei it noch te bouwen Ronald McDonaldhûs, dat yn de simmer yn Ljouwert komme moat.

Yn it Ronald McDonaldhûs kinne âlden útfanhúzje as har bern yn it sikehûs lizze. Kommissaris fan de keningin Nijpels krige moandei yn it Ljouwerter MCL de earste cake. It idee fan de aksje wie fan de bakkers sels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)